Lemster wenningkorporaasje slút kantoar

© Google Streetview
It kantoar fan wenningkorporaasje Lyaemer Wonen op De Lemmer giet ticht. Neffens de organisaasje komme der hieltyd minder minsken nei it kantoar. Meiwurkers fan Lyaemer binne hieltyd faker yn buerten en doarpen te finen en minder op kantoar. Dêrtroch komme der ek minder klanten nei de fêstiging. Boppedat wurde hieltyd mear saken telefoanysk of digitaal ôfhannele.
It kantoar giet dêrom fan moandei ôf ticht. Besites op ôfspraak binne noch wol mooglik.