Profploegen stean yn de rige foar Hartthijs de Vries

13 jul 2017 - 11:16
Hartthijs de Vries (argyffoto) - Foto: awfoto.nl

Profploegen stean yn de rige foar hurdfytser Hartthijs de Vries. Sawol Lotto Jumbo as Roompot hawwe it 21- jierrige hurdfytstalint út Kollum yn it fizier. De Vries hat al in petear hân mei Lotto Jumbo en hat earder ek al staazje rûn by de ProTour ploech.

Nei de Tour de France stiet der noch in petear pland mei Roompot, de ploech fan Pieter Weening. "Der is foar beiden wol wat te sizzen. By Lotto Jumbo rydst op it heechste nivo, mar by Roompot soe ik my ek fierder ûntwikkelje kinne", sa lit De Vries witte. Op dit stuit fytst De Vries by de opliedingsploech fan SER Academy Racing, dat kontrakt rint noch ien jier troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)