Frou yn boarterstún Aldehaske is natuerlike dea stoarn

13 jul 2017 - 11:06

De frou dy't woansdei dea fûn waard yn Aldehaske is in natuerlike dea stoarn. Dat seit de plysje. It lichem fan de frou waard fûn yn in boarterstún yn it doarp. De plysje sette in soad minsken yn om te ûndersykjen wat der krekt bard wie. Woansdeitejûn waard al sein dat der gjin oanwizingen wiene om oan in misdriuw te tinken. No is dus dúdlik wurden dat dat yndied net it gefal is. 

Trefwurden: 
deade frou Aldehaske
(advertinsje)
(advertinsje)