Spanning op wenningmerk nimt ek ta yn Fryslân

De spanning op de wenningmerk nimt ek yn Fryslân fierder ta. Der stean minder huzen te keap en de wenningen dy't op de merk komme, wurde djoerder. It oantal huzen dat boppe de fraachpriis ferkocht wurdt, nimt ta.
Minder oanbod
Yn it twadde fearnsjier fan dit jier waard hast 7 persint fan de wenten ferkocht boppe de fraachpriis, yn de lêste moannen fan 2016 wie dat noch mar 4 persint. Trochdat der minder oanbod is, sette in soad minsken har eigen hûs net te keap omdat der gjin geskikte oare wenning is. Ien en oar docht bliken út sifers fan de NVM.
Koarter te keap
Healwei it twadde fearnsjier 2017 stiene der by NVM-makelers yn Fryslân goed 3800 huzen te keap. Dat is 30 persint minder as in jier earder. Wenningen stean yn Fryslân hieltyd koarter te keap, 83 dagen. Dat wie 115 dagen. De priis is yn it twadde fearnsjier fan dit jier mei 2 persint omheech gien yn fergelyk mei it fearnsjier derfoar.
Djoerder
Yn fergelyk mei in jier earder is de gemiddelde keapwenning hast 8 persint djoerder wurden. De gemiddelde priis fan in ferkochte wenning yn Fryslân is no hast 205.000 euro.