Bûtenslach kostet jild by keatsferiening Minnertsgea

13 jul 2017 - 10:06

Keatsferiening Minnertsgea komt mei in nij idee om it keatsnivo te ferbetterjen. De manlju en froulju dy't nije wike woansdei de haadklassewedstriid fan Minnertsgea keatse, krije minder prizejild as sy ferkeard opslaan. Dy dei binne der 15 partijen en foar elke partij is der 200 euro beskikber, mar by in bûtenslach fan de winnende partij giet dêr 20 euro fan ôf.

Goed doel

It giet de keatsferiening net allinnich om in better nivo, der wurdt op dizze wize ek jild ynsammele foar it goede doel: Stichting Stophersentumoren.nl. Yn Minnertsgea binne op it stuit trije minsken dy't in harsentumor ha en dêr wol de klup graach wat foar dwaan. "Hoe mear as de keatsers oerhâlde oer de hiele dei, datselde bedrach giet nei de stichting ta", sa seit foarsitter Jacob Wassenaar fan de keatsferiening Minnertsgea.

It inisjatyf wurdt sponsore troch it bedriuw Daalimpex út Harns en leanbedriuw Joostema út Minnertsgea. Neist it sponsorjild is der neffens Wassenaar ek noch it standert prizejild foar de keatsers. De haadklassepartij is op woansdei 19 july en begjint om 15.30 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)