Friezen hawwe hast measte campers en caravans fan Nederlân

13 jul 2017 - 09:49
Campers by Koarnwertersân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Friezen hawwe yn ferhâlding faak in caravan of camper. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS (Centraal Bureau voor de Statistiek). Yn ús provinsje hawwe hast 47 fan de 1000 ynwenners in caravan of camper. Fryslân stiet dêrmei op it twadde plak, allinne yn Drinte hawwe noch mear ynwenners der ien.

Oan de ûnderkant fan de ranglist steane Noard- en Súd-Hollân mei 24 en 22 caravans en campers per 1000 ynwenners. Lanlik sjoen binne de measte eigeners boppe de 50 jier.

Trefwurden: 
camper caravan
(Advertinsje)
(Advertinsje)