Kollum: "Brexit Big Band"

13 jul 2017 - 08:30

"Ofrûne wykein wie ik nei it North Sea Jazz Festival, yn Rotterdam. Dêr kom ik al mear as de helte fan myn libben. It is in festival fan trije dagen, yn en om Ahoy, mei mear as 1300 muzikanten en mear as 70.000 besikers. Alle soarten fan muzyk binne te hearen; fan tradisjonele jazz en alle nije farianten dêrfan, oant pop, rock en funk. Alle jierren ûntdek ik wol wer wat nijs, of sjoch eat dat ik noch net earder sjoen ha.

Dit jier stiene foar my in pear âlde rotten op it programma: Erykah Badu en Jamiroquai. Mar ek it Metropool Orkest, mei de ûnbegryplik bejeftige Jacob Collier, en mei Hammond-firtuoas Cory Henry. Mar foardat dy begûnen koe ik earst noch nei in oare act. De Brexit Bigband.

De Brexit Big Band is in projekt fan Matthew Herbert, in Ingelske elektroanikamuzikant, artyst, produsint en skriuwer. Hy is ek in bytsje in provokateur, en neffens my is dat gjin minne eigenskip foar in keunstner. Hy hat ek in eigen bigband, en dêrmei stie hy op North Sea Jazz.

De band wie omneamt ta de Brexit Big Band. It is feitlik in twa jier duorjend projekt, en in protest tsjin it beslút fan Grut-Brittannië om de Europeeske Uny te ferlitten. Matthew lûkt troch hiel Europa, om artistike en muzikale gearwurkingen en mienskippen te fieren, en oer lânsgrinzen te gean. It starte doe’t it Ferienigd Keninkryk artikel 50 yn wurking stelde - it artikel wêrmei se de EU offisjeel ferlitte - en moat liede ta in album dat útbrocht wurdt op it momint dat Grut-Brittannië de EU echt ferlit yn 2019. En it optreden op North Sea Jazz yn Rotterdam wie ûnderdiel fan dizze reis.

Echte Britten, op in echt poadium, yn it echt Europeeske Rotterdam. Se wolle net fuort, net allinnich, se wolle gearwurkje. Want, sa sei Matthew: alle moaie dingen dy’t ik yn myn libben dien ha, kamen troch gearwurking.

It optreden begûn mei dat Matthew op it poadium sei dat hy net goed wit oft it goed as ferkeard is, de Brexit. Mar it duorre net lang, of syn hiele band, ynklusyf in grut koar, stie Daily Mirror-kranten te ferskuorren. Dizze krante spile in belangrike rol yn de ynformaasje - of misynformaasje - om it Brexit-referendum hinne. De snippers fleagen yn it rûn, en it lûd fan it skuorren wie ûnderdiel fan de muzyk.

Matthew mikste de lûden trochinoar, mei effekten. En hy liet minsken mei elektroanyske stetoskopen of soksawat lûd meitsje. Hiel apart, mar nijsgjirrich en hiel fermaaklik.

Is it jazz? Al jierren stelle minsken dy fraach by it North Sea Jazz Festival. Wannear'tst allinnich foar Jamiroquai komst, dan hearst gjin jazz. En dizze bigband, tsja, krantesnippers, is dat jazz? It punt is dat it der net ta docht.

Ik ha jazz kennen leard op it Bogerman yn Snits. Dêr sit in fantastyske bigband, al jierren ûnder lieding fan de even fantastyske Anne Oosterhaven. It spyljen yn dy bigband wie foar my in iepenbiering, kwa muzyk, mar ek kwa gearwurkjen. Ik ha der in soad leard. Anne hat al safolle bern sûnder twang sjen litten wat je allegearre mei muzyk en keunst kinne en wat je der oan ha kinne. Alle muzyk klinkt in bytsje nuver, wannear't je it foar it earst heare. Mar wannear't je leare dat je mei nijsgjirrigens in soad leuke nije dingen ûntdekke kinne, wurdt it leven in stik riker.

Sûnder Anne wie ik nea in fêste North Sea Jazz besiker wurden, en sûnder North Sea Jazz hie ik nea fan Matthew Herbert en syn projekt oer gearwurking heard. En no ha ik dingen heard, dy’t net allinnich ta neitinken oansette, mar ek in glimk op myn snút feroarsaakje. Matthew’s projekt is in oanrieder, foaral foar de EU-kritisy."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)