"Drompel om mei skulden oan te klopjen by SWF is heech"

12 jul 2017 - 22:33

It is der net makliker op wurden om mei grutte skulden nei de gemeente Súdwest-Fryslân te stappen foar help. Dat konkludearret de rekkenkeamer fan dy gemeente. Sy hawwe de skuldhelpferliening tsjin it ljocht hâlden. Der giet in soad goed, mar it kin better, sa waard woansdeitejûn dúdlik by in presintaasje oan de gemeenteried.

Earder wie der in loket dêr't minsken hinne koene, no moatte sy belje of in digitaal formulier ynfolje. Dat wurket minder goed. Hoe goed oft de gemeentlike oanpak wurket, is ek net rjocht te sizzen. Want in soad sifers, bygelyks oer it tal minsken mei grutte skulden, binne der net. Ien fan de oanbefellings is om wer oer te gean op gewoane loketten.

"De gemeente is in theorie wel laagdrempelig. Maar als je grote schulden hebt, is het heel moeilijk om met de gemeente te bellen en met een medewerker van het klantcontactcentrum te praten en te zeggen: ik heb veel schulden, kunt u me helpen?", sa seit Jet Lepage, foarsitter fan de rekkenkeamer Súdwest-Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)