Komst nij Cambuurstadion ropt soargen op by buertbewenners

12 jul 2017 - 22:03

De wiken om it WTC-gebiet yn Ljouwert hinne hawwe soargen oer de komst fan it nije Cambuurstadion. Benammen wat parkearjen en ferkear oanbelanget wurdt der rekken hâlden mei oerlêst. Fierders tinke de wykbewenners dat de realisaasje fan twa nije supermerken by it nije stadion gefolgen hawwe kin foar de winkels yn harren wiken.

De wykpanels fan de Skriuwersbuert, de Vosseparkwyk en Westeinde sprutsen woansdeitejûn harren soargen út by de gemeenteriedsgearkomste. Wethâlder Deinum hat dêr de tasizzing dien dat der de kommende tiid petearen komme sille mei de wykbewenners. Der sil ek nei harren harke wurde yn de útwurking fan de plannen.

De gemeenteried nimt no moandei in beslút oer de meiwurking oan de plannen. Der liket in grutte mearderheid te wêzen foar de komst fan it Cambuurstadion nei it WTC. Der binne noch wol fraachtekens oer de finansjele stipe út de gemeente wei en oer de ynfolling fan de hjoeddeistige lokaasje fan it Cambuurstadion.

Trefwurden: 
Cambuurstadion WTC
(Advertinsje)
(Advertinsje)