Inline-skater Manon Kamminga hâldt op mei topsport

12 jul 2017 - 21:03
Manon Kamminga - Foto: Timsimaging.nl

Inline-skater Manon Kamminga út Haulerwyk hat in punt set achter har tosportkarriêre. Sy wie oertraind en wraksele dêr behoarlik mei, lichaamlik likegoed as geastlik.

Kamminga makke it nijs sels op Instagram bekend. Ferline wike waard sy noch Europeesk kampioen op de maraton. Dat wie har fjirtjinde Europeeske titel en de twadde op de maraton. Manon bliuwt noch wol aktyf as trainer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)