Frjentsjerter Krante út 1787 dûkt op yn Noard-Hollân

12 jul 2017 - 20:27

Se wiene al skoften yn it besit fan de famylje Zwaan út Oosthuizen (Noard-Hollân), trije âlde eksimplaren fan de Franeker Courant. It giet om de earste trije kranten, út 1787. Se sieten al dy tiid opteard yn in boek. De eigener fan no, Maarten Zwaan, fynt dat de kranten werom moatte nei wêr't se weikomme: Frjentsjer. It Museum Martena hat al belangstelling toand.

By de trije kranten siet ek noch in sulveren foarwerp mei de teksten 'gaarder walgeld' en 'gemeente Franeker'. Dat hat nei alle gedachten op in pet fan in gemeente-amtner sitten. Ek dat foarwerp moat werom nei Frjentsjer, fynt Zwaan. Sjoernalist Jitze Hooghiemstra fan de Frjentsjerter Krante kaam it ferhaal op it spoar.

Trefwurden: 
Frjentsjerter Krante
(Advertinsje)
(Advertinsje)