Fyts stellen ûnder each fan kamera befeiligingsbedriuw

12 jul 2017 - 19:48
Befeiligingskamera - Foto: Omrop Fryslân

Meiwurkers fan in befeiligingsbedriuw yn Drachten koene harren eagen tiisdeitejûn hast net leauwe. Twa Drachtsters besochten de fyts fan de direkteur te stellen. Mar it bedriuw, spesjalisearre yn kamerabefeiliging, is sels ek goed befeilige en de meiwurkers hiene de dieven dan ek fuortendaliks yn de gaten.

Op it momint dat de twa mei de fyts útnaaie woene, wie de warskôge plysje der ek al. Dy hat de beide dieven meinaam. Se sitte noch fêst foar fierder ûndersyk. Dêr sille de bylden fan it befeiligingsbedriuw ek by brûkt wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)