Provinsjale advysried jongerein ynstallearre yn steaten

12 jul 2017 - 19:37
Fryske provinsjale jongereinadvysried by de ynstallaasje troch Arno Brok - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

De Fryske Jongereinadvysried is woansdei ynstallearre troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dat barde op in gearkomste fan Provinsjale Steaten.

De ried bestiet út tolve jonge leden. Sy sille twa oant fjouwer kear advisearje oer saken dy't op 'e aginda fan Provinsjale Steaten stean. Sy kinne ek sels beslute om mei in advys te kommen. Alle leden komme út it fuortset ûnderwiis. De jongereinadvysried bestiet út maksimaal fyftjin leden. Brok hopet op ekstra leden út benammen it VMBO, sa sei er by de ynstallaasje. De advysried is in inisjatyf fan CDA-steatelid Zuidema.

(Advertinsje)
(Advertinsje)