Mbo'ers betinke oplossingen foar soarch

12 jul 2017 - 17:46

Studinten fan it Friesland College en ROC De Friese Poort hawwe yn Drachten harren ynnovaasjes foar de soarch presintearre. It giet om in beker wêrmei't minsken mei epilepsy of Parkinson maklik út drinke kinne. In maklik oan te lûken steunhoas, in toskboarstel dy't deminte âlderen helpt by it poetsen en in opsetstik wêrmei't minsken mei reuma har makliker skeare kinne.

It is betocht troch studinten dy't meidogge oan it saneamde Excellentieprogramma fan it Friesland College yn gearwurking mei Philips, ZuidOostZorg en ROC Friese Poort. Dat dogge de jongeren njonken harren oplieding.

Untwikking útfiningen

It is de bedoeling dat de studinten no sels fierder gean mei de ûntwikkeling fan har útfining. De groep dy't de beker ûntwikkele hat, hat al in bedriuw oprjochte. In fabrikant makket ynkoarten in oantal prototypen. De studinten ha allinnich noch startkapitaal nedich om har bedriuw fierder te ûntwikkeljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)