Rotonde Noarderhegewei-Nijtap Drachten wurdt turborotonde

De rotonde Noarderhegewei-Nijtap wurdt turbo © Google Streetview
De besteande rotonde op de krusing fan de Noarderhegewei en Nijtap yn Drachten wurdt in turborotonde. Dat hat it kolleezje fan b. en w. fan Smellingerlân besletten. Benammen yn de jûnsspits is it drok op dit plak en ûntstean der geregeld files. Ut berekkeningen fan de gemeente docht bliken dat it de kommende jierren allinnich mar drokker wurdt, benammen op de Noarderhegewei. Dan wurde ek moarns problemen ferwachte.
As de rotonde oanpakt wurdt, sil ek it rioel fernijd wurde. Foar omwenners komt der yn septimber in foarljochtingsgearkomste. De oanlis fan de turborotonde begjint dan yn maart takom jier. De kosten binne 1,1 miljoen euro.