Hierwenningen Pieter Stuyvesantwei Ljouwert wurde opknapt

12 jul 2017 - 16:35

Oan de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert wurdt dizze moanne begûn mei it opknappen en isolearjen fan 268 hierwenten fan WoonFriesland. Sawol de bûtenkant as de binnenkant wurde oanpakt.

Sa wurde de badkeamer, de wc en de keuken modernisearre en wurde gevels skjinmakke en skildere. Op it dak komme sinnepanielen en yn de ruten komt isolaasjeglês.

De wenten oan de Pieter Stuyvesantweg binne boud tusken 1953 en 1958. De hierders binne earder al ynformearre oer de plannen. Foar de krystdagen fan dit jier moat de grutte opknapbeurt klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)