"Turboswimmen is gjin goede manier om swimmen te learen"

12 jul 2017 - 15:55

It lanlike swimbûn KNZB makket him drok om de populariteit fan it turboswimmen. By turboswimmen wurde bern yntinsyf swimmen leard yn in pear wiken tiid. Neffens it bûn hat it swimmen leare tiid nedich, omdat de koördinaasje tusken earmen en skonken noch net goed ûntwikkele is.

Benammen yn de Rânestêd kieze âlden der foar om harren bern op turboswimmen te dwaan. Yn Fryslân binne der in stik minder swimskoallen dy't fersneld swimmen oanbiede.

Gjin súkses

Swimskoalle Splash in Snits is ien fan de swimskoallen yn Fryslân dy't besocht ha om it turboswimmen te yntrodusearjen, mar dit wie neffens swimjuf Helma Regts gjin súkses. "Wy binne ophâlden mei it oanbieden fan turboswimmen, om't wy troch hienen dat in soad bern it better learden as se werhelling krigen", seit Regts.

Trefwurden: 
swimles turboswimme swimmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)