Plysje achterfolget boeide man, boufakkers hâlde him oan

12 jul 2017 - 15:24
De auto fan de fertochte kaam ta stilstân tsjin in beam - Foto: Kappers Media

In man fan 23 út Gouda is woansdeitemoarn útnaaid by in plysjekontrôle. De man waard yn Ljouwert oan de kant set, omdat it fermoeden bestie dat er net handsfree belle. Doe't plysjes om syn rydbewiis fregen, naaide de man út. Nei inkelde hûnderten meters liet er him út syn auto falle, dy't dêrnei tsjin in beam fleach. De man sels gie dravende fierder. Plysjes slaggen der yn him te achterheljen en yn de boeien te slaan. De man naaide lykwols opnij út. Boufakkers wisten him dêrnei oan te hâlden en oer te dragen oan de plysje. Dy hat him meinaam foar fierder ûndersyk. De man hie by syn oanhâlding drugs by him.

Trefwurden: 
oanhâlding Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)