Sa kinst as KPN-klant bûten Fryslân nei Omrop Fryslân sjen

12 jul 2017 - 15:15

Sûnt 4 july kinne abonnees fan KPN, XS4All, NLE en Telfort net mear nei Omrop Fryslân sjen as sy yn Súd-Hollân, Utrecht, Gelderlân, Seelân, Noard-Brabân of Limboarch wenje. KPN hat wizigingen trochfierd, wêrtroch’t regionale omroppen allinnich noch yn de eigen en omlizzende provinsjes te sjen binne. Foar abonnees fan boppesteande providers dy’t Omrop Fryslân sjen bliuwe wolle, mar net yn de omlizzende provinsjes wenje, binne der in oantal alternativen om dochs de programma’s te sjen op it telefyzjeskerm.

Alternatyf 1: Laptop oanslute op de tv

De measte laptops binne útrist mei in HDMI poarte. Ek modernere telefyzjes hawwe HDMI yngongen. Dêrmei kin bygelyks in ûntfangstkast foar digitale tv oansletten wurde, mar ek in laptop. Wannear’t je mei in HDMI kabel je laptop oanslute op je tv, kinne je it laptopskerm diele op je telefyzjeskerm. Skeakelje mei de ôfstânsbetsjinning nei it HDMI kanaal en gean op de laptop nei www.omropfryslan.nl/live. Set de fideospiler op ‘schermvullend’.

Alternatyf 2: Chromecast

Chromecast is in lyts apparaatsje fan Google dat efteryn de tv ynplugd wurde kin. Dat giet fia de HDMI yngong. Wannear’t je op je smartphone of tablet de Google Home-app ynstallearje, kinne je filmkes fan je smartphone/tablet ôfspylje op je telefyzjeskerm. Dat prinsipe hjit ‘casten’. Wannear’t je op je smartphone/tablet nei www.omropfryslan.nl/live gean, kinne je fia it Chromecast-ikoantsje op je smartphone/tablet de útstjoering ôfspylje op je telefyzjeskerm. Soargje wol foar in stabile WiFi-ferbining yn hûs.

Alternatyf 3: Smart tv-app

De measte ‘slimme’ tv’s hawwe de Omrop-Smart tv-app. Hjirmei kinne je live sjen nei Omrop Fryslân, of ien fan de programma’s weromsjen.

Alternatyf 4: Oerstappe

Dizze providers biede lanlik Omrop Fryslân oan yn telefyzje-abonneminten: Fiber, Canal Digitaal, Online.nl, Stipte, T-Mobile, Tele2, Ziggo en Caiway. Hokker oanbieders je ûntfange kinne, hinget fan je postkoade ôf. Dizze kinne je neisjen op https://www.digitelevisie.nl/digitale-tv/vergelijken.

Trefwurden: 
KPN Omrop Fryslân telefyzje
(Advertinsje)
(Advertinsje)