Wurkleazens-oanpak: Mear prate, minder kompjûters

12 jul 2017 - 14:13

Ljouwert wol wer gewoan prate mei ynwenners mei in bystânsútkearing en har net langer freegje om al har gegevens oer wurk en ynkommen troch te jaan mei de kompjûter. Dy digitale oanpak wurket hielendal net goed om minsken wer oan it wurk te krijen. In grutte groep kin ek hielendal net goed omgean mei de kompjûter. Dat seit wethâlder Andries Ekhart.

Ljouwert hat op it stuit in grut tekoart op de bystân, mear as 6 miljoen euro. Der binne 6.000 minsken mei in bystânsútkearing. As immen oan it wurk holpen wurdt, is dat fuortendaliks winst foar de gemeente.

UWV

Neffens Ekhart komt bygelyks ek útkearingsynstânsje UVW hieltyd mear werom op de wurkwize om minsken mei in útkearing net mear persoanlik te sprekken. De ôfdieling sosjale saken wol mear gearwurkje mei ekonomyske saken.

Slachterij

Ekhart jout as foarbyld de komst fan in nije slachterij nei Ljouwert. Op dit stuit wurdt al besjoen hokker bystânsgerjochtigden mooglik yn de beneaming komme om dêr oan de slach te gean. As dat nedich is, kinne minsken dêr no alfêst in oplieding foar krije.

Flechtlingen

It giet wol better mei de ekonomy, mar it oantal minsken mei in bystânsútkearing bliuwt tanimmen. Dat komt ûnder oaren troch de komst fan flechtlingen, mar ek nije groepen. Sa bedarje minsken mei in handicap earder yn de bystân, omdat de regels foar de sosjale wurkfoarsjenning oanskerpe binne.

Fierder binne de gefolgen fan de krisis noch net foarby. Wurkleazen mei in WW-útkearing bedarje nei ferrin fan tiid dochs yn de bystân.

(advertinsje)
(advertinsje)