Leare yn waar en wyn bûtendyks by Holwert

12 jul 2017 - 13:13

Yn waar en wyn de natoer kennen leare, yn stee fan yn in smûk klasselokaal. De bern fan CBS de Regenboog út Dokkum mochten woansdei de kwelder by Holwert op. It nije programma 'Pierewaaien' is in natoer-edukaasjeprojekt fan de gemeente Dongeradiel, Steatsboskbehear, Natoer- en Miljeu-edukaasjesintrum De Klyster en waddenbelevingscentrum 'De Noordhoren'.

It is de bedoeling dat de bern sels ûntdekke en ûnderfine hoe't it libben fan fûgels en planten op de kwelder der útstjocht. Ek oare basisskoallen út Dongerdadiel dogge mei oan dizze tochten yn it Waadgebiet. Wethâlder Esther Hanemaaijer iepene it projekt fan 'e moarn op de kwelder by Holwert.

De bern mochten mei de learzens yn de klaai en it slyk, se fielden de wyn om 'e holle, se seagen nei de fûgels en koene ytbere waadplanten priuwe. Boskwachters Gjerryt Hoekstra en Henk Jan van der Veen fan Steatsboskbehear namen de bern op sleeptou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)