Steatedebat oer guozze-oanpak liket al útiten

"It debat oer de Fryske guozze-oanpak yn de takomst is in toanielstikje", "De diskusje is eins foar Piet Snot". Dat sizze respektyflik PvdA en GrienLinks yn Provinsjale Steaten. Beide opposysjepartijen konstatearje dat der net mear te praten is oer kompromisfoarstellen oer it guozzebelied. Beide partijen tsjinje woansdei gjin amendeminten en moasjes yn oer it ûnderwerp.
Kolleezje
Kolleezjepartijen CDA, VVD, FNP en SP steane efter it útstel fan it kolleezje fan Deputearre Steaten om ta te stean mear guozzen ôf te sjitten om skea yn de lânbou tsjin te gean. Guozzen soargje foar ûngefear 10 miljoen euro skea yn it jier. De provinsje wol dat mei 5 oant 10 procent werombringe.
'Deadseskader'
Partij voor de Dieren-steatelid Rinie van der Zanden fynt it ôfsjitten fan guozzen "moard". Ek fynt se it mobile ferjaachteam fan de VVD ('Gooze Busters) in 'deadseskader'.