Wethâlder Marja Krans fan Smellingerlân tsjinnet ûntslach yn

12 jul 2017 - 12:07

Wethâlder Marja Krans fan de ChristenUnie yn de gemeente Smellingerlân stapt per direkt op. Oanlieding is de negative útspraak fan de Raad van de Arbitrage voor de Bouw oer skouboarch De Lawei yn Drachten.

5 miljoen

By de ferbou dêrfan waard boubedriuw Van Norel oan de kant set, omdat dy syn wurk net goed útfiere soe. Neffens de Ried fan Arbitraazje wie der gjin inkelde reden om dat te dwaan. De útspraak soe de gemeente sa'n 5 miljoen kostje kinne.

Neat ferkeard dien

Marja Krans seit no har polityk-bestjoerlike ferantwurding te nimmen, mar seit ek dat se sels fynt dat se neat ferkeard dien hat. Kommende tiisdei praat de gemeenteried oer de saak. Tiisdei sei Krans noch dêr net op foarútrinne te wollen.

Grutte klap

Foar Krans kaam it oardiel oer de arbitraazjesaak as in tige ûnoangename ferrassing: "Ik vond het oordeel zwaar en heftig. Dit is een grote klap en die komt hard aan."

Kolleezje

De koälysje fan PvdA, SP, D66 en ChristenUnie wol gewoan fierder mei-elkoar. Der sil in nije CU-wethâlder socht wurde.

De brief fan Marja Krans oan de ried:

"Aanleiding hiervoor is dat ik mijn politiek-bestuurlijke verantwoordelijkheid wil nemen voor de nu bekende uitkomsten inzake het dossier De Lawei. Met het college en gemeenteraad hebben we destijds met de kennis van dat moment keuzes gemaakt om de ingrijpende vernieuwbouw van de Lawei af te kunnen ronden en daarmee
ons gezamenlijk doel, te weten een cultuurinstelling als warm kloppend hart in Smallingerland toekomstbestendig en veilig te realiseren. Naar mijn opvatting is dat doel in ieder geval bereikt.

Inmiddels is de uitspraak van de Arbitragecommissie bekend waaruit blijkt dat zij een ander oordeel velt over de gevolgde procedure. Ondanks het feit dat hiertegen nog appel mogelijk is door De Lawei neem ik nu mijn verantwoordelijkheid als portefeuillehouder.

Het spijt mij bijzonder dat ik mijn bestuurlijke opdracht in brede zin niet af kan maken, waar ik daaraan binnen de verschillende portefeuilles met hart en ziel aan heb gewerkt. Desalniettemin is dit wat mij betreft nu de enige juiste keuze."

(Advertinsje)
(Advertinsje)