Aksjes by Huhtamaki Frjentsjer útsteld

12 jul 2017 - 11:37
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It fakbûn FNV hat aksjes by it aaidoazefabryk fan Huhtamaki yn Frjentsjer earst útsteld. It fakbûn hie it bedriuw yn ferbân mei cao-ûnderhannelingen in ultimatum steld dat woansdei einige. Mar om't it bedriuw no mei in nij foarstel kaam is, wol it FNV dit freed mei har leden besprekke. Oant dy tiid komme de oankundige aksjes te ferfallen.

Neffens it fakbûn wurdt in leansferheging diels betelle út de pensjoenen fan de meiwurkers. Sy giene dêrom net akkoart. De cao fan Huhtamaki jildt foar 180 minsken en rûn op 1 juny ôf.

Trefwurden: 
Huhtamaki Frjentsjer CAO
(Advertinsje)
(Advertinsje)