Boete foar wokpaleis Ryptsjerk

12 jul 2017 - 11:01
Wokpaleis Friesland by Ryptsjerk - Foto: Google Streetview

Wokpaleis Fryslân yn Ryptsjerk moat fan de Ried fan Steat dochs in hege frjemdlingeboete fan 8.000 euro betelje. Neffens de Arbeidsynspeksje makke in Sineeske frou desserts klear foar klanten yn it restaurant, wylst se gjin wurkfergunning hat.

Neffens it restaurant preau de frou allinnich fan de desserts. Mar de meiwurker fan de Arbeidsynspeksje seach de frou mei in blêd fol desserts troch it restaurant rinnen. It restaurant moast earst 16.000 euro boete betelje, mar dat is troch it ministearje mei de helte werombrocht.

Trefwurden: 
Wokpaleis Ryptsjerk boete
(Advertinsje)
(Advertinsje)