Aldwâldemer ferstoarn nei ynstoarten garaazje

© De Vries Media
De 61-jierrige man dy't tiisdei by wurk oan syn hûs oan de Simmerwei yn Aldwâld slim ferwûne rekke, is yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn it sikehûs oan syn ferwûnings ferstoarn.
De man wie dwaande mei sloopwurk oan syn garaazje, doe't dy ynstoarte. It pún kaam op de man telâne. De brânwacht moast de man befrije en hat him reanimearre. It die doe al bliken dat de man slim ferwûne wie. Hy is mei spoed nei it sikehûs brocht, mar hat it net rêden.