Frysk damjen ynternasjonaal erkend as sport

12 jul 2017 - 10:32

It Frysk damjen hat fan de Federation Mondiale du Jeu de Dames ynternasjonale erkenning as damsport krigen. It bestjoer fan WFD (wereldkampioenschap Fries dammen) wie op in positive wize ferrast troch it útwreide programma as tarieding op it WK damjen yn 2018. Dat wurdt yn augustus 2018 yn Ljouwert hâlden. De Federaasje hat foar it Frysk damjen in aparte seksje oanmakke.

Der is de lêste jierren troch de stichting WFD hurd wurke om dizze erkenning te krijen en it Frysk damjen ynternasjonaal op de kaart te setten.

Trefwurden: 
Frysk damjen damjen
(advertinsje)
(advertinsje)