Busfierfier by Garyp oan de Wâldwei feroaret net mear

12 jul 2017 - 08:18

"Alles is besproken en dan is het nu ook wel klaar", seit de 17-jierrige gymnasiumlearling Wolter van der Maten fan Garyp. Goed fjouwer moanne lang hat er him ynsetten om de busferbining oan de Wâldwei by Garyp te ferbetterjen. Tiisdei hie Wolter mei de belutsen partijen, ferfierder Arriva en de provinsje, in evaluaasjegearkomste. Dy evaluaasje feroaret neat mear oan de sitewaasje fan no. Yn it ferline wie de bus der fiif kear de oere, no noch mar twa kear mei in pear oanpassingen. "Zoals de bus nu is, dat is voor de situatie prima. Goed genoeg", seit Wolter.

It wie foar him in leuke en learsume perioade. Nei in wat skruten begjin fielde er him aardich thús yn it oerlis. "Ik hoef voor niets en niemand bang te zijn", sa seit Wolter van der Maten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)