Anne Hettinga: Takenning konsesje "fan eminint belang"

"Fan eminint belang". Sa omskriuwt direkteur Anne Hettinga fan Arriva it nijs dat syn bedriuw fan 2020 oant 2035 it regionale treinferfier yn Fryslân en Grinslân ek dwaan mei, lykas no ek al.
Hettinga ferliket de noardlike treinkonsesje mei de halsslachier by de minsk. As dy trochsnijd wurdt, hat dat grutte konsekwinsjes foar in minske. Datselde wie bard mei Arriva by it misrinnen fan de treinkonsesje, seit Hettinga.
Nachttrein
De ûntlading nei it nijs wie grut by Arriva. Fan 2020 komme der 21 ekstra treinen by yn it Noarden en krije de hjoeddeiske treinen in opknapbeurt. Tusken Ljouwert en Grins komme ekstra sneltreinen yn de jûnsoeren en op sneintemoarn. Fierders komt der ek in nachttrein fan Grins nei Ljouwert. Op it trajekt tusken Ljouwert en Snits sille yn de spitsoeren fjouwer treinen yn de oere ride. De treinen wurde duorsum. Se krije batterijen dy't de enerzjy by it remjen opfange.
Ekstra banen
De tawizing fan it treinferfier foar de kommende jierren smyt Arriva ekstra banen op: minimaal tweintich ekstra stewards en masinisten.