Theunis Piersma waarnimmend boargemaster Menameradiel

11 jul 2017 - 21:41
Piersma by syn beëdiging ta waarnimmend boargemaster Menameradiel - Foto: Provinsje Fryslân

Theunis Piersma wurdt waarnimmend boargemaster fan de gemeente Menameradiel. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat him tiisdeitejûn beëdige. Piersma folget Tom van Mourik op dy't nei de gemeente Smellingerlân giet.

De 65-jierrige Piersma begjint offisjeel sneon oan syn nije funksje. Hy bliuwt waarnimmend boargemaster oan 1 jannewaris 2018. Dan giet de gemeente Menameradiel op yn de nije gemeente Waadhoeke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)