Soad fakânsjebaantsjes, mar hoe krije jo geskikte jongeren?

12 jul 2017 - 06:30

Bedriuwen kinne mei de kommende fakânsjes wer goed fakânsjewurkers brûke. Mar it falt lang net altyd ta se te krijen. Der binne no mear fakatueres omdat it better giet mei de ekonomy. Mar der is noch eat wat meispilet, seit Kor Visser fan útstjoerburo Olympia. Hieltyd mear jongeren wolle net de hiele fakânsje oan it wurk.

Boppedat wolle de measten it leafst wurk dat net smoarch is en dêr't net in soad lichaamlike krêft foar nedich is. Dêr komt ek noch by dat de potinsjele fakânsjewurkers net mear sa it útstjoerburo yn rinne. Je moatte sosjale media brûke en hoopje dat sy it oanbod trochfertelle oan freonen en freondinnen.

Trefwurden: 
fakânsjewurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)