Scooterrider ferwûne by botsing tsjin lampepeal

De scooter botste om noch ûnbekende redenen tsjin in lampepeal © De Vries Media
Op de Easterbuorren yn Boarnburgum is tiisdeitejûn in scooterrider ferwûne rekke. It slachtoffer ried troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in lampepeal oan. Personiel fan de ambulânse hat it slachtoffer ûndersocht en der waard ek in traumahelikopter oproppen. Hoe slim oft de ferwûningen fan de scooterrider binne, is net bekend.
De Easterbuorren hat tiisdeitejûn in skoft ôfsletten west om't de plysje ûndersyk dien hat nei it ûngelok.