Ferfierders VMNN en Taxi Dorenbos tenei ien bedriuw

11 jul 2017 - 21:03
(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân

De noardlike ferfierders VMNN en Taxi Dorenbos gean tenei tegearre fierder. It taksybedriuw fan Dorenbos hat de oandielen fan Vervoersmanagement Noord-Nederland (VMNN) oernommen. Dêrmei moat der úteinlik ien grut bedriuw ûntstean mei goed achthûndert meiwurkers. De fakbûnen binne troch de bedriuwen op 'e hichte steld en ek de ûndernimmingsried fan VMNN hat grien ljocht jûn foar de oername.

Ferfierder VMNN is yn Fryslân ûnder mear aktyf yn de Súdwesthoeke en op It Hearrenfean, op it stuit benammen op it mêd fan learlingferfier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)