"Lit Achtkarspelen sels swimbad bouwe en eksploitearje"

11 jul 2017 - 20:32

De gemeente Achtkarspelen moat sels in swimbad yn Bûtenpost bouwe. Dat fine de partijen CDA, ChristenUnie en PvdA yn de ried fan Achtkarspelen. De partijen fine ek dat de gemeente de eksploitaasje fan it swimbad oppakke moat.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders komt tongersdei mei in foarstel om de bou en eksploitaasje fan it swimbad yn de gemeente oan te besteegjen. As de gemeente noch in stap fierder giet en it swimbad yn eigen behear boud wurdt, ûntstiet der neffens de trije partijen rêst.

De gemeente hie earder de subsydzje foar it besteande swimbad De Kûpe yn Bûtenpost ynlutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)