Gjin nije dyk tusken Snits en Ljouwert

Der komt net in nije dyk tusken Snits en Ljouwert. Dat seit de provinsje, dy hat dêr ûndersyk nei dwaan litten, op fersyk fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De besteande dyk stiet bekend as nuodlik. Geregeld barre der ûngelokken.
Súdwest-Fryslân woe witte oft in nij trasee mooglik wie, parallel oan it spoar fan Snits nei Ljouwert. Neffens deputearre Poepjes is dat net de oplossing foar de problemen. Der komme maatregels op de besteande dyk, dat soe genôch wêze moatte om dy feiliger te krijen.
Ek der rint no al in kampanje om minsken op harren gedrach yn it ferkear te wizen en kontrolearret de plysje dêr geregeld. Dat docht neffens Poepjes fertuten.