Skoalle past eksamennoarm oan: measte learlingen no slagge

11 jul 2017 - 17:03


It Friesland College op It Hearrenfean hat noarmen oanpast foar it eksamen autotechnyk nivo 2 dêr't in hiel soad learlingen foar sakke wiene. Dat betsjut dat de measten no dochs slagge binne. It Friesland College wie as iennige ROC yn Nederlân no al oerstapt op in eksamen nije styl, dat hegere easken stelt oan begjinnende monteurs. Mar dat slute net oan op wat de learlingen leard hiene. En it taalgebrûk wie ek te dreech foar harren.

De sifers foar it eksamen wiene noch net offisjeel fêststeld. Dat joech de romte om te noarmen oan te passen. Dat betsjut dat no noch mar fjouwer learlingen sakke binne. Sy kinne yn septimber in hereksamen dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)