Arriva bliuwt treinferfierder yn Noard-Nederlân

11 jul 2017 - 16:38

Arriva sil oant 2035 it treinferfier yn Fryslân en Grinslân fersoargje. Se hawwe in konsesje krigen foar fyftjin jier. Dat hawwe Deputearre Steaten fan beide provinsjes tiisdei bekend makke. Arriva presintearre harren winnende konsesje op it provinsjehûs yn Grins.

Nachttrein

Yn de nije konsesje sil der alle oeren in ekstra sneltrein ride yn beide rjochtingen. Ek sil der yn de spits elts kertier in trein ride tusken Ljouwert en Snits. Ek komt der in nachttrein tusken Ljouwert en Grins yn de nacht fan tongersdei op freed en de nacht fan freed op sneon. Dizze sil ien kear per nacht ride.

Duorsum

Alle treinen wurde duorsumer. Se sille net allinnich minder enerzjy ferbrûke, mar ek minder lûd meitsje by it fuortriden út de stasjons.

Ekstra banen

Der komme tweintich ekstra banen beskikber foar masinisten en stewards.

De konsesje giet yn per 2020. Arriva fersoarget op dit stuit it ferfier ek al op dizze trajekten.

Trefwurden: 
Arriva treinferfier
(Advertinsje)
(Advertinsje)