Advokaat easket frijspraak Feddema foar fatale Keldersbrân

Eigener Wyb Feddema fan it gebou dêr't fjouwer jier lyn in studint troch brân om it libben kaam is, falt neat te ferwiten. Hy wist net dat it gebou net brânfeilich genôch wie. Dat seit syn advokaat Tjalling van der Goot.
"Ferbouwing neffens de regels"
Feddema hie it pân doedestiids kocht fan in man dy't derom bekend stie dat er och sa krekt wie. It wie jierren dêrfoar ferboud en út offisjele papieren docht bliken dat dat allegearre neffens de regels gien is, seit advokaat Van der Goot:
"Achter de wanden en ûnder de flierren sjen"
Der is gjin sprake fan 'oanmerklike oanspraaklikens' en dêrom kin it Feddema net oanrekkene wurde, seit de advokaat. Jo witte pas echt dat der wat mis is mei de brânfeiligens fan in gebou as jo achter de wanden en ûnder de flierren sjogge. Neffens Van der Goot is der gjin kausaal ferbân tusken gebrekken en de dea fan Otte. Der kaam reek troch it dakrút nei binnen en dêr koe Feddema neat oan dwaan, neffens de advokaat.
Feddema sei yn syn lêste wurdsje dat er tige skrokken is fan de eask tsjin him (trije moanne op betingst) en dat er no by de famylje wêze wol.
De âlden fan de omkommen 24-jierrige studint wiene net op de sitting oanwêzich. Der waard in slachofferferklearring fan harren foarlêzen. Dêryn sizze se dat se djip kwetst binne dat Feddema yn it iepenbier seit dat der neat mis wie mei de brânfeiligens fan de gebouwen.
Oer twa wiken docht de rjochter útspraak.