Erica Schaper sil fúzje NHL en Stenden liede

11 jul 2017 - 16:09

Algemien direkteur Erica Schaper fan de FNV wurdt de nije foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de fúzjehegeskoalle NHL Stenden. Se moat de fúzje fan beide Ljouwerter hegeskoallen liede.

Schaper hat by de FNV ek in fúzje begelaat fan fiif organisaasjes binnen it fakbûn. Se hat ek ûnderfining mei fúzjes yn it ûnderwiis, ûnder oare as algemien direkteur fan hegeskoalle Van Hall Larenstein. Se begjint op 1 oktober oan har nije baan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)