Roadtrip troch Europa yn in 'helikopter'

11 jul 2017 - 15:47

It moat in nuver gesicht wêze. In omboude helikopterauto dy't oer de diken fan Europa toert. De Ljouwerters Frank Zijlstra (27) en Kevin Blaauw (30) bouden in âlde VW transporter om ta SAR helikopter en diene mei dit barrel mei oan de Carbagerun nei Litouwen. Se setten foarige wike útein en kamen hjoed mei de publykspriis foar meast orizjinele auto werom yn Fryslân.

Omboude barrels

De Carbagerun is in 5-daagse rally troch Europa mei omboude barrels. It is de bedoeling dat de dielnimmers mei in sa orizjineel mooglike auto oan de start ferskine en dat wie de hearen fan 'Team Techno' goed slagge. De auto krige in nije body fan pur, hout en polyester, in sturtstik fan trije ynelkoar laske oaljedrums en útklapbere propellers troch in tsjilnaaf op it dak te laskjen, sadat er der útsjocht as in helikopter.

Beker en prizejild

De start wie foarige wike moandei krekt oer de grins yn Dútslân. Ferfolgens gie de rûte dwers troch Dútslân, Poalen, Litouwen, Letlân en Estlân. Ofrûne freed finishte it duo yn Vilnius (Litouwen). Dêr krigen se de beker en it prizejild fan 1.000 euro foar meast orizjinele auto.

(Advertinsje)
(Advertinsje)