Wethâlder Krans: "Ik sprong op in ridende trein"

11 jul 2017 - 15:13

Wethâlder Marja Krans fan Smellingerlân is net fan plan op foarhân ôf te treden nei oanlieding fan de ferlerne arbitraazjesaak fan skouboarch De Lawei. De útspraak yn it foardiel fan boubedriuw Van Norel út Epe kostet de gemeente op syn minst 4,5 miljoen euro. Fraksjefoarsitter Jan Groen fan it CDA yn de gemeente wol de wethâlder yn in spoeddebat ta ferantwurding roppe.

"Ridende trein"

Krans sjocht dat debat fol betrouwen temjitte. Neffens har hat se as wethâlder doedestiids op in ridende trein springe moatten, wêrfoar't de rails al útlein wiene troch har foargonger Nieske Ketelaar en Laweidirekteur Stef Avezaat. De krityk fan Groen dat se advizen út de gemeenteried om korrizjearjend op te treden bewust net opfolge hat, leit se njonken har del. 

Trefwurden: 
De Lawei Marja Krans
(advertinsje)