Mei de QR-koade rûte troch Balk

11 jul 2017 - 14:50
Learlingen fan de plusklasse fan ûnderwiisburo Nije Gaast yn Balk ha in QR-rûte yn it doarp oanlein

Learlingen fan de plusklasse fan ûnderwiisburo Nije Gaast yn Balk ha in QR-rûte yn it doarp oanlein. Mei in QR koade kinne minsken mei harren mobile telefoan ynformaasje opfreegje, yn dit gefal oer de histoarje fan de gebouwen dêr't de koades pleatst binne.

Pleatslik Belang Balk Vooruit wie al langer dwaande om in QR-rûte yn it doarp te krijen, mar dat slagge net. Juf Gerda Groenewoud kaam dêrnei mei it idee om de bern as lesmateriaal de QR-koades meitsje te litten. Se ha in spesjale webside makke mei ynformaasje oer ûnder oare de biblioteek, it riedhûs en it Bûterhûs.

It giet yn totaal om tolve gebouwen. Mocht der in soad gebrûk fan makke wurde, dan krije mear gebouwen in QR-koade.

Trefwurden: 
Balk QR-rûte QR-koade
(Advertinsje)
(Advertinsje)