Undersyk nei dekking mobile telefony yn Weststellingwerf

11 jul 2017 - 14:49
Foto: Omrop Fryslân

Weststellingwerf lit útsykje hoe't it sit mei de dekking fan mobile telefony yn de gemeente. Neffens ynwenners fan Weststellingwerf is dat net oeral like goed. In ûndersyk fan de NOS hie deselde útkomst.

De gemeente hat yntusken by de oanbieders fan mobile telefony oantrune op ferbettering fan de dekking. It Agentschap Telecom docht fan 't hjerst mjittingen, foaral nei hoe't it sit mei de berikberheid fan neednûmers lykas 112. Weststellingwerf besjocht dêrnei wat der fierder barre moat.

(advertinsje)
(advertinsje)