Trije moanne selstraf ûnder betingst easke tsjin Wyb Feddema

11 jul 2017 - 14:17

It Iepenbier Ministearje easket in selstraf ûnder betingst fan trije moanne tsjin Wyb Feddema. Neffens it ministearje hat Feddema te min maatregels naam om syn Ljouwerter studintehûs brânfeilich te meitsjen.

Fjouwer jier lyn kaam by in brân yn in njonkenlizzend hûs oan De Kelders in 24-jierrige studint om it libben. Hy stikte troch rook yn te ademjen.

It Iepenbier Ministearje fynt dat der in direkt ferbân is tusken de dea fan de studint en it feit dat Feddema te min maatregels naam hat. It Iepenbier Ministearje wol ek dat Feddema in proeftiid fan twa jier oplein krijt. By de saak komt tiisdeitemiddei de advokaat fan Feddema oan it wurd.

Trefwurden: 
brân De Kelders Wyb Feddema
(Advertinsje)
(Advertinsje)