Waling Dijkstra Stichting bliid mei ynset foar hûs skriuwer

11 jul 2017 - 13:24

De Waling Dijkstra Stichting, dy't foar it behâld fan it erfgoed fan de skriuwer opkomt, is posityf oer it idee om wat te dwaan mei syn eardere wenhûs yn Holwert. It hûs oan de Hegebuorren is slim fertutearze. De ruten binne yngoaid, de plafonds hingje troch en de doarren en kezinen binne der heal útsloopt.

Der is no in komitee yn oprjochting foar it hûs yn Holwert dêr't de ferneamde Fryske skriuwer fan 1861 oant 1909 wenne hat. Neikommeling Waling Dijkstra hat in pear moanne lyn ek al by de gemeente Dongeradiel oankloppe, mar fierders net mear heard. Ek de eigener hat er benadere, mar dy wol der 80.000 euro foar hawwe.

De stichting hat gjin jild om it hûs te keapjen, mar wol as oaren it ombouwe ta skriuwershûs wol in bydrage leverje yn de foarm fan erfgoed, boeken en oare saken dy't yn it besit fan de stichting binne.

(advertinsje)
(advertinsje)