Tsjinstridichheden yn rjochsaak oer brân De Kelders

Yn Ljouwert is de rjochtsaak begûn tsjin Wyb Feddema. Feddema is de eigener fan it hûs oan De Kelders yn Ljouwert wêryn't hast fjouwer jier lyn in 24-jierrige studint om it libben kaam by in grutte brân. It slachtoffer stikte troch de reek dy't by de brân frijkaam yn it njonkenlizzende hûs. De fraach yn dizze saak is of Feddema wat te ferwiten falt.
Ut ûndersyk hat bliken dien, dat de muorren yn it gebou net goed genôch wiene om de brân lang tsjin te hâlden. Neffens Feddema hat in amtner it gebou ûndersocht en sein dat alles der goed útseach. Neffens de amtner hat er nea yn it gebou west. Der wurdt Feddema 'dood door schuld' as lêst foarlein.