Konsesjes treinferfier foar de takomst wurde bekend makke

11 jul 2017 - 12:51
Foto: Tim van Beets

Tiisdeitemiddei wurdt bekend hokker ferfierbedriuw it regionale treinferfier yn de provinsjes Fryslân en Grinslân tusken 2020 en 2035 fersoarget. De provinsjes meitsje dat bekend.

De easken foar de 15 jier duorjende konsesje binne opsteld troch de beide provinsjes en it LNVG Niedersachsen, de organisaasje dy't yn Noard-Dútslân it iepenbier ferfier fersoarget. De Dútsers prate mei fanwege de treinferbining tusken Grinslân en Dútslân.

De konsesje duorret 15 jier om't it ferfierbedriuw treinen oanskaffe moat en dêrtroch grutte ynvestearrings dwaan moat. No fersoarget ferfierbedriuw Arriva, mei it haadkantoar op It Hearrenfean, it regionale treinferfier yn it Noarden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)