Gjin sukses foar ynbrekkers yn Ljouwert en Grou

11 jul 2017 - 12:01
Plysje - Foto: ANP

De plysje hat tiisdeitemoarn betiid yn Grou twa ynbrekkers oanholden. De manlju fan 26 en 31 jier út Snits hiene oan de Allingawier in bedriuwsbus iepenbrutsen en koffers mei ark stellen. In tsjûge warskôge de plysje. Dy koe de bus mei de twa ynbrekkers yn it Leechlân oan de kant sette. De beide Snitsers sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Yn Ljouwert is moandei in 26-jierrige ynbrekker oanholden. In tsjûge warskôge de plysje dat der ynbrutsen waard yn it wykgebou oan de Egelantierstrjitte. De plysje wie der rap by en koe de Ljouwerter oanhâlde. De man hie meardere ruten fernield om binnen te kommen.

Trefwurden: 
ynbrekker stellerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)