Rjochter: tolvejierrige kankerpasjint mei sels beslisse

11 jul 2017 - 11:29
De rjochtbank - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Britsum hat opnij in rjochtsaak ferlern as it giet om it behanneljen fan syn soantsje fan tolve dat kanker hat. De jonge hat sels bepaald dat er net fierder behannele wurde wol. In psychiater fynt dat it jonkje mânsk genôch is om dat beslút te nimmen. De heit twivelet lykwols oan de befiningen fan de psychiater en stapte earder al nei de rjochter. Dy joech him net gelyk, no docht ek it gerjochtshôf dat net.

Neffens it hôf hat de heit te min arguminten ynbrocht om de konklúzjes fan de psychiater yn twivel te lûken. De mem fan de jonge kin har wol fine yn it net mear behanneljen fan har soan. De âlden binne skieden.

Trefwurden: 
rjochter kankerpasjint
(Advertinsje)
(Advertinsje)