Twa Ljouwerters foar sjitpartij yn Vaassen oppakt

© ANP
De plysje hat twa Ljouwerters oanhâlden as fertochten foar in deadlike sjitpartij op in carpoolplak by it Gelderske Vaassen yn maart dit jier. Mei de arrestaasje fan de Ljouwerters fan 21 en 26 jier sitte no yn totaal fiif fertochten fêst. De oare fertochten binne manlju út Heerde, Zwolle en Apeldoorn. It slachtoffer wie in 25-jierrige ynwenner fan Vaassen. Oanlieding foar de sjitpartij wie in rûzje oer harddrugs.